Heerenveen, 12 november 2026
Bron laatst gecontroleerd op 19 november 2026.
M10
Moasje
(artikel 77 Reglement van Orde gemeenteraad Heerenveen)
Romte foar de takomst fan Aldeboarn-De Deelen
Dizze moasje heart by : Begrutting 2027
Yn de iepenbiere gearkomste fan : 12 novimber 2026
Tsjinnet it folgjende riedslid dizze moasje yn:
J. Tuimaka-Calsbeek PRO
De ried fan de gemeente Hearrenfean, yn gearkomste byinoar,
Wy stelle fêst dat:
- yn it feangreidegebiet fan de gemeente Hearrenfean it gebietsproses Aldeboarn-De Deelen rint, dêr't boeren, bewenners, natuerorganisaasjes en oerheden gearwurkje oan in takomstbestindige ynrjochting fan it gebiet;
- binnen dit proses socht wurdt nei oplossingen foar fraachstikken op it mêd fan lânbou, wetterbehear, boaiemdelgong, natuer, rekreaasje en leefberens;
- it kolleezje oankundige hat mei in begruttingswiziging nei de ried te kommen;
- Yn de begrutting wurdt net genôch omtinken joun oan de ûntjouwings yn dit gebiet.
Wy ha neitocht oer en fine dat:
- grutte opjeften allinne mei súkses oanpakt wurde kinne as ynwenners en ûndernimmers mei-eigner binne fan de oplossingen;
- boeren net allinne produsinten fan iten binne, mar ek ûndernimmers, lânskipsbehearders en in ûnmisbere pylder ûnder de leefberens fan it plattelân;
M10
- it gebietsproses Aldeboarn-De Deelen sjen lit dat ferskillen yn belangen net hoege te lieden ta tsjinstellingen, mar krekt liede kinne ta mienskiplike kânsen foar lânbou, natuer, rekreaasje en wenjen;
- it gebietsproses kânsen biedt foar in sterke lânbousektor, in oantreklik lânskip, rekreaasje, bioferskaat en de leefberens fan de doarpen yn it feangreidegebiet;
- de gemeente net de iennige partij is yn it gebietsproses, mar wol in wichtige partner foar ynwenners, ûndernimmers en oare oerheden dy't gearwurkje oan de takomst fan it gebiet;
- in sterke posysje fan de gemeente needsaaklik is om kânsen op kofinansiering fanút provinsje, wetterskip, Ryk en Europeeske programma’s it bêste te benutten;
- ynvestearrings yn gebietsûntwikkeling bydrage oan in takomstbestindich en leefber feangreidegebiet.
Wy stelle de rie foar om út te sprekken, dat:
- de gemeente Hearrenfean fertrouwen hat yn de krêft fan gebietsrjochte gearwurking;
- ynwenners en ûndernimmers yn it gebiet perspektyf fertsjinje op in ekonomysk fitaal, leefber en takomstbestindich feangreidegebiet;
- de gemeente in aktive en konstruktive partner bliuwe wol yn de fierdere ûntwikkeling fan it gebietsproses Aldeboarn-De Deelen.
Wy fersykje it kolleezje om:
1. yn de oankundige begruttingswiziging eksplisyt omtinken te jaan oan de fuortgong en fierdere útwurking fan it gebietsproses Aldeboarn-De Deelen; 2. begryplik yn byld te bringen hokker rol de gemeente Hearrenfean de kommende jierren ferfolje wol binnen it gebietsproses en hokker stipe dêrfoar nedich is;
Dizze moasje is: - Oannommen - Fersmiten - Ynlutsen
Stimferhâlding: .. stimmen foar, riedsleden fraksje(s): .. stimmen tsjin, riedsleden fraksje(s):
de griffier, de voorzitter,
{{SIGNER2}} {{SIGNER1}}
L. Roest-Jonkers M.A. Fokkens-Kelder