Noardeast-Fryslân, 25 september 2026
Bron laatst gecontroleerd op 5 oktober 2026.
Oan de leden fan de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân Postbus 1 9100 AA Dokkum
Us merkteken: 2026-232262 Kluster: Mienskip
Datum: 8 septimber 2026 Taheaksels:
Underwerp: Tagonklikens fan húsdoktersoarch foar ynwenners fan Kollum en omlizzende doarpen
Achte ried,
Op 2 septimber 2026 hat J. Postema fan fraksje FNP, op grûn fan artikel 52 Reglement van Orde skriftlike fragen steld, oer Tagonklikens fan húsdoktersoarch foar ynwenners fan Kollum en omlizzende doarpen. Yn dit brief jouwe wy antwurd op dy fragen.
_Fraach 1: Is it kolleezje op 'e hichte fan de soargen dy't ûnder ynwenners fan Kollum en omlizzende_ _doarpen libje oer de berikberens en tagonklikens fan de nije húsdoktersoarch yn Dokkum?_
Antwurd: Ja, fia ferskate kanalen wurde der soargen mei it kolleezje dield oer de nije húsdokterspraktyk yn Dokkum.
_Fraach 2: Dielt it kolleezje de opfetting fan de FNP-fraksje dat goede húsdoktersoarch foar alle_ _ynwenners tagonklik wêze moat, ek foar minsken dy't minder mobyl of minder digitaal feardich_ _binne?_
Antwurd: It kolleezje dielt de opfetting dat húsdokterssoarch tagonklik wêze moat. Tagelyk stiet de húsdokterssoarch flink ûnder druk en is it dreech om kandidaten te finen dy't in húsdokterspraktyk oernimme wolle. In gefolch dêrfan is dat dizze soarch yn ‘e takomst mooglik net mear sa fanselssprekkend beskikber wêze sil as no it gefal is.
_Fraach 3: Is it kolleezje bekend mei de sinjalen dat minsken mei in ferstanlike beheining nei 1 oktober_ _mooglik net by de nije húsdoktersoarch fan Oostergo Huisartsen telâne kinne en dus sûnder_ _húsdokter komme te sitten? Is it kolleezje ree om dit mei Oostergo Huisartsen te besprekken en him_ _derfoar yn te setten dat ek dizze kwetsbere doelgroep tagong hâldt ta in húsdokter?_
Antwurd: It kolleezje hat dit ûndersocht en it blykt net sa te wêzen dat Oostergo Huisartsen pasjinten wegeret. It kolleezje giet dêrom hjiroer net fierder yn petear mei Oostergo Huisartsen.
_Fraach 4: Hat it kolleezje ynsicht yn hoefolle ynwenners fan ús gemeente troch de ferhuzing fan de_ _húsdoktersoarch nei Dokkum ôfhinklik wurde kinne fan ferfier om in fysyk konsult by te wenjen?_
Antwurd: It kolleezje wit út nijsberjochten dat it giet om in pasjintebestân fan likernôch 2.500 pasjinten yn de leeftyd fan 0 oant 100 jier. Hoe grut de groep is dy't ôfhinklik wurdt fan ferfier, is net dúdlik.
Us merkteken: 2026-232262 Datum: 22 september 2026
_Fraach 5: Hokker gefolgen ferwachtet it kolleezje foar ynwenners dy't ôfhinklik binne fan Wmo-ferfier,_ _benammen as in ôfspraak by de húsdokter op koarte termyn nedich is?_
Antwurd: It kolleezje ferwachtet net streekrjocht gefolgen foar ynwenners dy't ôfhinklik binne fan Wmo-ferfier. Wmo-ferfier wurdt ek no al brûkt om nei de húsdokterspraktyk gean te kinnen.
_Fraach 6: Is it kolleezje ree om te ûndersykjen oft der knelpunten ûntsteane by it ferfier fan kwetsbere_ _en minder mobile ynwenners nei de nije húsdoktersoarch yn Dokkum? Sa ja, hoe en wannear sil de_ _ried dêr oer ynformearre wurde?_
Antwurd: It kolleezje fynt it wichtich dat alle ynwenners tagong hâlde ta goeie húsdoktersoarch en begrypt de soarch achter dizze fraach. Op dit stuit sjocht it kolleezje gjin oanlieding om in apart ûndersyk út te fieren. Wy binne, en bliuwe met húsdokterspraktyk Oostergo yn petear oer dit ûnderwerp.
_Fraach 7: Is it kolleezje mei De Friesland, Oostergo Huisartsen en oare belutsen partijen yn petear_ _west oer de gefolgen fan dizze ûntwikkeling foar de ynwenners fan Noardeast-Fryslân? Sa ja, wat wie_ _de ynset fan it kolleezje yn dizze petearen?_
Antwurd: It kolleezje is bliid dat húsdokterspraktyk Oostergo de húsdoktersoarch kontinuarje wol. As kolleezje stean wy foar goeie en berikbere húsdoktersoarch en nimme wy in fasilitearjende rol dêr’t der ferlet fan is. De ferantwurdlikheden oer de ynhâldlike petearen leit by de partijen sels. Wy binne yn goed kontakt mei de partijen.
_Fraach 8: Is it kolleezje ree om mei De Friesland, Oostergo Huisartsen en oare relevante partijen yn_ _oerlis te gean oer it garandearjen fan in goed tagonklik, net-digitaal alternatyf foar ynwenners dy't net_ _of net goed gebrûk meitsje kinne fan in app, smartphone of kompjûter?_
Antwurd: It kolleezje fynt it wichtich dat húsdoktersoarch foar ynwenners tagonklik is, ek foar ynwenners dy’t digitaal minder feardich binne. Tagelyk leit de ferantwurdlikens foar de organisaasje en ynrjochting fan de bedriuwsfiering by de húsdokterspraktyk sels. It kolleezje is yn goed kontakt mei de partijen.
_Fraach 9: Dielt it kolleezje de opfetting dat ynwenners net ôfhinklik wêze moatte fan famyljeleden of_ _oare minsken om tagong te krijen ta harren húsdokter, omdat de primêre tagong ta de praktyk_ _digitaal organisearre is?_
Antwurd: It kolleezje begrypt de soarch achter de fraach en fynt it ek wichtich dat húsdoktersoarch tagonklik is foar ynwenners. Ek sjogge wy dat it no al foarkomt dat pasjinten ôfhinklik binne fan neisten, famylje of freonen.
_Fraach 10: Hokker mooglikheden sjocht it kolleezje om, yn oerlis mei de belutsen partijen, te_ _kommen ta in foarm fan lokale fysike húsdoktersoarch yn bygelyks Kollum, lykas in fêst sprekoere,_ _satellytlokaasje of oare foarm fan fysike oanwêzigens?_
Antwurd: Fansels hat it kolleezje de soargen fan ynwenners dielt mei de húsdokterspraktyk. It kolleezje is ek yn goed oerlis mei húsdokterspraktyk Oostergo. De húsdokterspraktyk is primêr ferantwurdlik foar de organisaasje en ynrjochting fan de húsdokterspraktyk..
_Fraach 11: Is it kolleezje ree om him derfoar yn te setten dat de nije regionale húsdoktersoarch net_ _allinnich digitaal en sintraal yn Dokkum organisearre wurdt, mar dat ek rekken holden wurdt mei de_ _geografyske en sosjale tagonklikens foar ynwenners út de doarpen?_
Antwurd: It kolleezje hat begryp foar de soargen oer de tagonklikens fan de húsdoktersoarch foar ynwenners fan de doarpen. De organisaasje en ynrjochting fan de húsdokterssoarch is yn it foarste plak in ferantwurdlikens fan de húsdokterspraktyk. It kolleezje hat gjin rol yn de wize wêrop’t regionale húsdoktersoarch organisearre wurdt.
_Fraach 12: Neffens de publisiteit oer dizze ûntwikkeling stiet de húsdoktersoarch yn Fryslân breder_ _ûnder druk troch it tanimmend tal praktykhâldende húsdokters dat op termyn mei pensjoen giet. Hat_ _it kolleezje ynsicht yn de kwetsberens fan de húsdoktersoarch yn de oare dielen fan Noardeast-_ _Fryslân?_
Us merkteken: 2026-232262 Datum: 22 september 2026
Antwurd: It kolleezje is derfan op 'e hichte dat takomstbestindige húsdoktersoarch ûnder druk stiet. De gemeente hat twa kear yn it jier oerlis mei in fertsjintwurdiging fan de húsdokters yn Noardeast-Fryslân en Dantumadiel om ûntwikkelings mei-inoar te dielen en in goeie ferbining te hâlden tusken it medyske en it sosjale domein.
_Fraach 13: Is it kolleezje fan betinken dat de hjoeddeistige situaasje yn Kollum (en Damwâld)_ _oanlieding jout om breder te sjen nei de takomstige beskikberens en tagonklikens fan basissoarch_ _yn ús gemeente?_
Antwurd: De gemeente wurket al langere tiid oan it organisearjen fan takomstbestindige soarch yn brede sin, mei soarchorganisaasjes, wolwêzensorganisaasjes en wenningkorporaasjes. Dit komt fuort út de Fyzje op Wenjen mei Wolwêzen en Soarch en it Strategysk Wolwêzens-ramt. Tagelyk wit de gemeente ek dat troch de fergrizing en de krapte op ‘e arbeidsmerk yn ‘e soarch de situaasje de kommende jierren allinnich mar mear ûnder druk komme sil. In netwurk fan famylje, neisten, freonen en buorlju sil de kommende jierren dan ek hieltyd wichtiger wurde.
_Fraach 14: Is it kolleezje ree om de ried foar 1 oktober te ynformearjen oer de konkrete stappen dy't_ _set wurde om te foarkommen dat kwetsbere, minder mobile en net-digitaal feardige ynwenners_ _tusken wâl en skip falle?_
Antwurd: It kolleezje ûnderstreket it belang fan in goede tagonklikens fan foarsjennings. It kolleezje bliuwt dêrom yn goed kontakt mei húsdokterspraktyk Oostergo. Mocht der sprake wêze fan ûntwikkelingen dy't oanlieding jouwe ta fierdere aksje, dan sil it kolleezje de ried dêroer ynformearje.
_Fraach 15: Is it kolleezje ree om de wurking fan de nije húsdokterfoarsjenning nei in bepaalde_ _perioade te evaluearjen, mei spesjale oandacht foar de tagonklikens foar kwetsbere ynwenners, de_ _digitale berikberens en eventuele problemen mei ferfier?_
Antwurd: It evaluearjen fan de húsdoktersoarch is de taak fan de húsdokterspraktyk Oostergo. As kolleezje binne wy yn goed oerlis mei de húsdokterspraktyk en tinke wy graach mei. Ek nimme wy de fasilitearjende rol, wannear’t dit kin.
Heechachtsjend, Ut namme fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Noardeast-Fryslân,
H.J.C.M. Verbunt, MBA mr. J.G. Kramer Sekretaris Boargemaster