Waadhoeke, 5 november 2026
Bron laatst gecontroleerd op 19 november 2026.
Skriftlike fragen
Skriftlike fragen konfoarm artikel 33 fan it Reglemint fan oarder foar gearkomsten en oare wurksumheden fan de ried fan de gemeente Waadhoeke 2023.
Underwerp: Skriftlike fragen oer tagonklikens fan bushaltes foar rolstoelgebrûkers
De fraksje fan FNP hat de folgjende fjouwer fragen oan it kolleezje:
1. De eigen bushalte Is it kolleezje derfan op ’e hichte dat de bushalte ticht by it gemeentehûs net tagonklik is foar rolstoelbrûkers? Is it kolleezje ree om dizze halte op koarte termyn oan te passen oan de CROWnoarmen?
2. De oare bushaltes Hat de gemeente yn byld hoefolle bushaltes yn Waadhoeke selsstannich tagonklik binne foar minsken mei in lichaamlike of fisuele beheining?
3. It belied Hat it kolleezje konkrete doelen om de tagonklikens fan bushaltes struktureel te ferbetterjen, yn oerienstimming mei it Feriene Naasjes-ferdrach foar de rjochten fan minsken mei in beheining út 2006, sa’t dy yn Nederlân yn 2016 ynfierd is?
4. Wurk mei wurk meitsje
Taljochting:
wiene har wurden.
út de bushalte by Saxenoord.
Datum: 4-11-2026 Bert Vollema Ut namme fan de fraksje(s) fan: FNP
Type Uit de bron