Noardeast-Fryslân, 28 oktober 2026
Bron laatst gecontroleerd op 19 november 2026.
Jiertal / saaknûmer: 2026-246454
Datum: 18 septimber 2026
Fragen rjochte oan:
Kolleezje fan B&W fan de gemeente Noardeast-Fryslân
Underwerp: Stân fan saken It Paradyske en Tolhuisbad
Oan it kolleezje fan B&W wurdt fersocht de folgjende fragen skriftlik te beäntwurdzjen:
1. It kolleezje jout yn de riedsynformaasjebrief (8/9/26) oan dat de eksploitaasjeoerienkomst mei Optisport foar It Paradyske trochrinne sil oant en mei 31 desimber 2027. Hokker finansjele en oare ferplichtingen bringt dit foar de gemeente mei oant it ein fan de oerienkomst, en wat binne de ferwachte gemeentlike kosten yn dizze perioade? Hoe is dit regele by it Tolhuisbad? 2. Hokker prestaasjeôfspraken hat de gemeente mei Optisport makke en hoe hâldt it kolleezje tafersjoch op it neilibjen dêrfan? 3. Yn de Twadde Tuskentiidske rapportaazje 2026 wurdt in ynsidintele ekstra gemeentlike lêst fan € 135.000 neamd. Kin it kolleezje dit bedrach folslein útlizze en oanjaan:
a. hokker kostenferhegingen hjirûnder lizze; b. hokker part betrekking hat op It Paradyske en hokker part op it Tolhúsbad; c. hoe't dit bedrach berekkene is? 4. Hokker mooglikheden hat it kolleezje om ynfloed út te oefenjen op de tariven en hoe waarboarget it kolleezje dat swimmen betelber en tagonklik bliuwt foar ynwenners, ferieningen, skoallen en maatskiplike brûkers? 5. It kolleezje jout oan dat de technyske steat, it ûnderhâld en de duorsumens fan It Paradyske in wichtich ûnderdiel foarmje fan de takomstige ôfwaging. Hokker ynformaasje is op dit stuit beskikber oer de technyske steat fan sawol It Paradyske as it Tolhúsbad? Hokker wichtige risiko's sjocht it kolleezje foar ûnderhâld, feilichheid en kontinuïteit? 6. Wat is op haadlinen de ûnderhâlds-en ynvestearringsopjefte foar beide swimbaden yn de kommende jierren, hokker finansjele gefolgen hat dy opjefte en wa is dêrfoar ferantwurdlik? 7. Hoe weaget it kolleezje de maatskiplike wearde, it gebrûk en de gemeentlike kosten fan It Paradyske tsjininoar ôf by de beslútfoarming oer de takomst fan it swimbad? 8. De wurkgroep _Foar It Paradyske_ ûndersiket oft de eksploitaasje yn de takomst troch in stifting oernommen wurde kin. Op hokker wize sil it kolleezje dizze wurkgroep fasilitearje en belûke by it fierdere proses? Hokker ynformaasje en stipe kin de wurkgroep krije om in serieus en realistysk eksploitaasjeplan út te wurkjen?
9. Hokker rjochting en planning hantearret it kolleezje foar de (takomstige) eksploitaasje fan it Tolhúsbad? 10. De riedsynformaasjebrief jout oan dat troch de langere kontraktsdoer romte ûntstiet om It Paradyske apart en fia de gebrûklike beslútfoarmingsrûte oan de ried foar te lizzen. Hokker konkrete beslútpunten sil de ried yn jannewaris 2027 foarlein krije, en hokker romte hat de ried dêrby om sels kaders of alternativen oan te jaan? Oer hokker beslispunten wurdt de ried foarôf belutsen by de takomstige eksploitaasje en finansiering fan beide swimbaden?
Taljochting:
Ut it Synarchis-ûndersyk en de berjochtjouwing fan Omrop Fryslân oer de takomst fan It Paradyske docht bliken dat it swimbad in dúdlike maatskiplike wearde hat, mar relatyf net in soad brûkt wurdt. It bad hat sa'n 730 kante meter swimwetter en krijt gemiddeld sa'n 10.000 besiken yn it jier. Dat binne 11 besiken per fjouwerkante meter, tsjinoer in lanlikgemiddelde fan 35 en 38 oant 58 besiken by fergelykbere regionale iepenloftbaden. Tagelyk komme wichtige karren oan oer eksploitaasje, ûnderhâld en gemeentlike kosten. Foardat de ried oer de takomst beslút, moat dêrom sawol de maatskiplike opbringst as it folsleine finansjele byld helder wêze.
Tagelyk ûntfangt de FNP sinjalen dat de tariven hieltyd fierder oprinne en dat de steat fan ûnderhâld fan beide swimbaden bot te winskjen oerlit. In los kaartsje foar it Tolhúsbad kostet ûnderwilens mear as € 8,- en foar It Paradyske sa’n €7,-.Dêrneist is in maatskiplike hierder fan swimoeren konfrontearre mei in foarstelde hierferheging fan 40% neffens it hjoeddeiske kontrakt. Foar swimferieningen, skoallen, soarchen wolwêzensorganisaasjes en oare fêste brûkers kinne sokke ferhegingen ek streekrjocht gefolgen hawwe foar de tagonklikens. Dit rekket net allinnich sport en rekreaasje, mar ek swimfeiligens, sûnens, moeting en leefberens.
Dêr komt by dat yn de Twadde Tuskentiidske rapportaazje 2026 op side 61 in ynsidintele ekstra gemeentlike lêst fan € 135.000 opnommen is. Neffens de taljochting binne de tarieven foar it gebrûk fan it Tolhúsbad en It Paradyske yndeksearre om hegere enerzjy-, ûnderhâld- en personielskosten te kompensearjen en de finansjele kontinuïteit fan de swimbaden te garandearjen. Ut de rapportaazje docht lykwols net bliken wat krekt yndeksearre is, hoe't it bedrach berekkene is, hoe't it oer beide swimbaden ferdield is en hokker tsjinprestaasje dêr fan Optisport tsjinoer stiet.
Derom hat de FNP in oantal fragen oan it kolleezje.
Undertekening:
Namme: F. Meindertsma
Fraksje: FNP