Waadhoeke, 16 november 2026
Bron laatst gecontroleerd op 19 november 2026.
Skriftlike fragen
Skriftlike fragen konfoarm artikel 33 fan it Reglemint fan oarder foar gearkomsten en oare wurksumheden fan de ried fan de gemeente Waadhoeke 2023.
Underwerp: Foarnommen pleatsing fan in stjoermêst by Sportferiening Deinum
De fraksje fan FNP Waadhoeke hat de folgjende fragen oan it kolleezje:
1. Lokaasjekar en alternativen Kin it kolleezje taljochtsje wêrom't de lokaasje by Sportferiening Deinum as de meast geskikte lokaasje nei foaren komt en of it kolleezje ree is om, mei it each op de beswieren út it doarp, op 'e nij nei alternative lokaasjes te sjen, wêrûnder de lokaasje by de rotonde súdlik fan Deinum?
2. Takomstige wenningbou Op hokker wize hat it kolleezje by de beoardieling fan de beëage lokaasje rekken hâlden mei de plande wenningbou en mooglike takomstige útwreidingen fan Deinum? Kin it kolleezje dêrby oanjaan of de pleatsing fan de stjoermêst gefolgen hawwe kin foar dizze ûntwikkelingen?
3. Partisipaasje en draachflak Hoe sil it kolleezje derfoar soargje dat Sportferiening Deinum, Stichting Sportaccommodatie Deinum, Doarpsbelang Deinum en omwenners ek echt ynfloed útoefenje kinne op de definitive lokaasjekar, foardat dêr definitive besluten oer nommen wurde?
4. Gefolgen foar it sportpark
Taljochting:
terrein fan Sportferiening Deinum oan It Holt.
technysk geskikt achte wurdt.
Datum: 16 novimber 2026
Jetske Tolsma
Ut namme fan de fraksje fan: FNP Waadhoeke
Type Uit de bron