Leeuwarden, 28 augustus 2026
Bron laatst gecontroleerd op 19 november 2026.
Skriftlike fragen oan it Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders lykas bedoeld yn artikel 42, earste lid, fan it Reglemint fan Oarder foar de gearkomsten fan de Ried fan de Gemeente Ljouwert.
Underwerp: Takomst en delgong ryksmonumint pleats Vijverzathe te Jelsum nei brân
Datum: 28 augustus 2026
Acht Kolleezje,
Yn de nacht fan 26 op 27 augustus 2026 is de monumintale hearepleats Vijverzathe út 1890 oan de Langhústerdyk 1 te Jelsum folslein troch brân ferlern gien. It pân stie sûnt it ferstjerren fan Jan Riedstra yn 2009 leech en wie slim yn ferfal rekke.
Sa't bekend wie it minne ûnderhâld en de steat fan de pleats al jierren in doarn yn it each fan de buert en Doarpsbelang Jelsum-Koarnjum. De rjochtbank Noard-Nederlân befêstiget yn útspraak yn 2026 dat der yn de perioade desimber 2022 oant april 2023 meldingen ûntfongen binne oer de steat fan ûnderhâld, en fragen fanút de Ljouwerter polityk, dy't laat hawwe ta petearen tusken it kolleezje fan Ljouwert en de eigener (sûnt 2016). Ek yn De Flapút (doarpskrante Jelsum/Koarnjum) fan juny 2023 wurdt fermeld dat Doarpsbelang in pear moanne foar maaie 2023 sels by de gemeente oankloppe hat om har soargen oer Vijverzathe te dielen.
Nei oanlieding hjirfan stelle wy de folgjende fragen:
1. Kinne jo in folslein oersjoch jaan (tiidpaad) fan alle meldingen, petearen en hanthaveningsstappen (ynklusyf de lêst ûnder dwangsom fan 28 desimber 2023 en de
ferlingingen dêrfan oant july 2026) dy't plakfûn hawwe mei de eigener fan Vijverzathe sûnt 2016?
2. Klopt it dat Doarpsbelang Jelsum-Koarnjum al yn 20222023 by de gemeente syn soargen utere hat oer it slimme ferfal fan Vijverzathe? Sa ja, wannear krekt hat dit oerlis plakfûn, wat is der mei dizze sinjalen dien en op hokker wize is Doarpsbelang dêrnei meinaam yn it ferfolchtrajekt?
3. Jo wurdfierder joech yn maaie 2023 oan: "We diele de soargen dy't doarpsbelang Jelsum-Koarnjum útspraat hat. It ryksmonumint Vijverzathe hat ús omtinken". Hoe ferhâldt dizze útspraak him ta it feit dat der oant de brân op 27 augustus 2026 gjin sichtber herstel plakfûn hat?
4. Yn de útspraak fan 21 jannewaris 2026 wurdt sprutsen oer 26 brekmen en fandalisme yn it pân. Wat is de aktuele stân fan de ferwurke dwangsommen en hokker brekmen wiene op 27 augustus l.l. wol en net wersteld?
5. No't it ryksmonumint folslein yn 'e jiske lein is - wêrby't de plysje brânstifting net útslút - wat betsjut dit foar de monumintale status fan it perseel, de tún en de tagongshekken? Hokker easken sil it kolleezje stelle oan mooglike werbou en/of behâld fan de kultuerhistoaryske wearde?
6. Binne jo ree om, tegearre mei Doarpsbelang JelsumKoarnjum en omwenners, op koarte termyn yn petear te gean oer de takomst fan dit histoaryske plak en de ried dêroer foar ein 2026 te ynformearjen?
Mei freonlike groetnis,
Jan-Willem Tuininga
Fraksjefoarsitter FNP Ljouwert